Jonkje (7) komt ûnder in jarretank by Froubuorren
By in ûngelok op it maneezjeterrein by de Froubuerstermole is woansdeitemiddei in jonkje fan 7 jier slim ferwûne rekke. It slachtoffer kaamtroch noch ûnbekende oarsaak ûnder in trekker mei in jarretank. De helptsjinsten binne manmachtich te plak om te helpen, it slachtofferke is mei de traumahelikopter nei it sikehús yn Grins brocht.