Reza Ghoochannejhad komt werom by SC Hearrenfean

22 jun 2016 - 17:23

Reza Ghoochannejhad komt werom by fuotbalklup Sc Hearrenfean. Hy hat in kontrakt foar twa seizoenen tekene. Reza kaam it ôfrûne seizoen út foar Charlton Athletic yn Ingelân. Hy groeide op yn Ljouwert en spile by Lac Frisia 1883 en SC Cambuur. Dêrnei folge hy de jeugdoplieding by SC Hearrenfean. Nei syn fertrek dêr spile hy ûnder oare by Cambuur en yn België en Koeweit. Ek kaam hy 23 kear út foar syn bertelân Iran.

Reza wie op it stuit transferfrij en komt dus no nei sân jier wer werom op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)