Minsken al oeren yn file by slûzen, brânwacht bringt wetter

22 jun 2016 - 17:14
  • Der wurdt wetter brocht by de minsken dy't yn de file stean
  • Der stie in lange file foar Koarnwertersân

MInsken stean al langer as twa oeren stil by de slûzen fan Koarnwertersân. De brânwacht is no ûnderweis nei de slûzen om ynsittenden fan auto's wetter te bringen. De hiele middei is der sprake fan steurings, earst oan de kant fan Den Oever en letter oan de Fryske kant.

Rykswettersteat "vindt het heel vervelend voor alle mensen" en is drok dwaande om it ynsletten ferkear oer de oare brêge ride te litten, dat freget ek ynset fan de plysje om dat feilich ferrinne te litten.

It kin noch wol even duorje foardat de steuring oan de brêge oer de Lorentzslûzen yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân foarby is. Dat seit Patricia Troost fan Rykswettersteat. 

It ferkear hat woansdei op de Ofslútdyk al twa kear earder stilstien, nei steuringen oan de slûzen. It gong twa kear mis by de Stevinslûzen by Den Oever. Dit is al de 14e steuring fan dit jier, blykt út in telling fan de VID. De slimste steuring wie op sneon 30 jannewaris fan dit jier. Doe stie it ferkear yn beide rjochtingen oeren lang fêst, omdat der in kabel brutsen wie by de slûzen by Koarnwertersân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)