Tredde steuring oan slûzen Ofslútdyk soarget foar lange file

22 jun 2016 - 16:05
  • De minsken meitsje der mar it bêste fan

It ferkear hat woansdei op de Ofslútdyk al trije kear stilstien, nei steuringen oan de slûzen. It gong twa kear mis by de Stevinslûzen. Op dit stuit binne der problemen by de Lorentzslûs. Dat betsjut dat de dyk ticht is foar ferkear dat fan Fryslân nei nei Noard-Hollân ride wol. Rykswettersteat advisearret om om te riden, troch de Flevopolder. Wannear't de dyk wer iepengiet, is net bekend.

It is al de 14e steuring fan dit jier, blykt út in telling fan de VID. De slimste steuring wie op sneon 30 jannewaris fan dit jier. Doe stie it ferkear yn beide rjochtingen oeren lang fêst, omdat der in kabel brutsen wie by de slûzen by Koarnwertersân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)