Ferkearssituaasje by 'Hazzeleger' Balk moat feiliger

22 jun 2016 - 15:30
  • De ferkearssituaasje by 'De Hazzeleger' maot feiliger

Ferkear yn Balk moat foarsichtiger ride yn de buert fan basisskoalle 'It Hazzeleger'. Ek moat ûndersocht wurde oft der in 'tút-en-derút'-plak komme kin by skoalle. Dat fynt de nije wurkgroep ferkearsfeiligens, dy't sjocht nei de feilichheid fan de rûte tusken hûs en skoalle. Oan it begjin fan it jier hat de wurkgroep in enkête hâlden ûnder âlders en bern, derút waard dúdlik dat foaral it heljen en bringen foar gefaarlike situaasjes soarget.

De situaasje by de Teernstrabrêge en de Wilhelminastrjitte wurdt ek neams as risikoplakken.

De kommende tiid wol de wurkgroep de ferkearsfeiligens ferbetterje, troch it mjitten fan de snelheid fan foarbyridende auto's. Dat sille de learlingen sels dwaan. Ek wurde mei in drone foto's makke, om de sityaasje om skoalle hinne better yn kaart te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)