Lytse stirns is oan de lêch op Skylge
De lytse stirns is oan it brieden op de Noordsvaarder op Skylge. Fûgelwachten fan Steatsboskbehear hawwe 12 nêsten fan de seldsume fûgel fûn. It is foar it earst yn jierren dat it bist oan de lêch is op it eilân.
Earder waarden de fûgels ferballe troch toeristen, dêrom binne yn in part fan it gebiet ynformaasjebuorden pleatst mei it fersyk der omhinne te kuierjen. Dy maatregels binne nommen yn goed oerlis mei de eilanners en de gasten, 60% fûn it belangryk om maatregels te nimmen. It resultaat is dat de fûgels mear rêst krije en no briede.