UPDATE: Steuring oan Lorentzslûzen Ofslútdyk

22 jun 2016 - 14:25

De Ofslútdyk fan Surch nei Den Oever is ticht fanwege in technyske steuring fan de brêge by de Lorentzslûzen by Koarnwertersân. Ferkear dat oer de A7 fan Fryslân nei Noard-Hollân ride wol, komt oan it begjin fan de Ofslútdyk stil te stean. Rykswettersteat meldt dat der in monteur ûnderweis is. Dy besiket de steuring sa gau as mooglik te ferhelpen.

Earder wie der in steuring oan de Stevinslûzen by Den Oever. Dy is ferholpen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)