Wurkstraf fan 80 oeren foar driichtweet foar Wilders

Justysje © Omrop Fryslân
In 23-jierrige man út Beetstersweach hat in wurkstraf fan 80 oeren krigen foar it stjoeren fan in driichtweet oan PVV-foaroanman Geert Wilders. Dêrneist krige er twa moannen selstraf ûnder betingst.
Wilders fielde him sa bedrige dat er fuortendaliks oanjefte die. Doe't de man de berjochten ferstjoerde, wenne er yn Drachten en wie er lid fan de jongereinorganisaasje fan D66. Hy is fuortendaliks út de partij set.
Neffens de man hannele er út frustraasje en hie er alderhande persoanlike problemen. Hy krige in soad oer him himme nei't Wilders syn bedrigings publisearre hie. Dochs hie er him neffens de rjochter nea sa útlitte mocht.