Fertochte oanhâlden foar seksueel misbrûk 60-jierrige frou

22 jun 2016 - 12:08

De plysje hat in fertochte oanhâlden foar in slim sedemisdriuw yn de Blommebuert fan Ljouwert. De 29-jierrige Ljouwerter is in bekende fan de plysje. Mei in DNA-test fan spoaren dy't de man achterliet, koe de Ljouwerter pakt wurde. Hy wurdt derfan fertocht dat er op 22 maaie in 60-jierrige frou seksueel misbrûkt hat in har wente. De man stelde him oan it slachtoffer foar as Arnoud út Amsterdam, mar dat wie in leugen, sa docht no bliken.

De saak soarge foar in soad ûnrêst yn de buert. De plysje die alle war de fertochte te pakken.

Yn Opsporing Verzocht en op Omrop Fryslân waard in komposysjetekening toand en yn de buert waarden folders útdield. Der kamen úteinlik in santich tips.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)