Caparisdirekteur Gerrits hat him offisjeel siik meld

Direkteur Ben Gerrits fan Caparis hat him offisjeel siik melden. Dat seit Siem Jansen, lid fan de ried fan kommissarissen. De ried siket nei in oplossing.
Neffens Jansen bliuwt Gerrits seker in oantal wiken fuort. De ried fan kommissarissen fynt dat de sosjale wurkfoarsjenning net sûnder lieding kin. Se sille oerlizze mei it managementteam, de oandielhâlders en de ûndernimmingsried oer wa't de lieding oernimme sil.
Grutte konflikten
Der spylje grutte konflikten op dit stuit by Caparis. In grut part fan it managementteam hat oanjûn gjin fertrouwen te hawwen yn de ried fan kommissarissen ûnder lieding fan foarsitter Robert Veenstra. Ek de ûndernimmingsried hie earder al it fertrouwen opsein yn de rfk.
Sy hawwe al oanjûn it gjin opsje te finen dat de rfk de lieding oernimt. Sy wolle dat de rfk opstapt en dat der in nije frisse start makke wurdt.
UR-lid De Kroon noch beskikber
De kandidaat fan de ûndernimmingsried foar de ried fan kommissarissen, Pieter de Kroon út Wynjewâld, is noch altyd beskikber. Hy seit dat er iepenstiet foar de dialooch mei alle partijen. De Kroon waard ôfwiisd troch de hjoeddeiske ried fan kommissarissen. Dêroer wie in saak oanspand troch Caparis by de ûndernimmerskeamer. De Kroon woe dêr net yn telâne komme en luts him út dy proseduere werom. As de ried fan kommissarissen of oandielhâlders mei him prate wolle, stiet er dêr iepen foar.
Underfining
De Kroon hat in soad ûnderfining yn it bestjoeren fan ynstellings foar minsken mei in beheining. Yn 2013 wûn hy in ynternasjonale priis foar syn fernijende wize fan bestjoeren by soarchynstelling Van Boeijen yn Assen. Ferline wike is De Kroon beneamd ta foarsitter fan de ried fan tafersjocht fan de KNSB.