Taeke Oppewal (46) âldste winner Ronde van Bedum

Taeke Oppewal © Facebook Taeke Oppewal
De 46-jierrige hurdfytser Taeke Oppewal fan It Hearrenfean hat tiisdeitejûn de 33e edysje fan de Omloop van Bedum wûn. De feteraan wie Coen Rijpma út Wolvegea en de Dútser Johannes Heider te rap ôf. Oppewal is mei ôfstân de âldste winner fan de 100 kilometer lange Omloop. De Dútser Johannes Heider kaam mei in applauske foar Oppewal oer de finish.