Untromming nei ûngediertebestriding yn fersoargingstehûs

De brânwacht fan Kollum by Brugchelenkamp © De Vries Media
In gifspuit soarge der tiisdeitejûn foar dat in diel fan in fersoargingstehûs yn De Westereen ûntromme wurde moast. Meiwurkers fan in ûngediertebestridingsbedriuw wiene dwaande yn de kelder fan Brugchelenkamp. De dize dy't de bestriding feroarsake, luts fia it ketelhûs nei de begeane grûn.
Ut foarsoarch waard de brânwacht alarmearre. De bewenners fan dat diel fan it tehûs waarden foar de wissichheid oerbrocht nei in oar plak yn it fersoargingshûs. Dêrnei waard it fentilearre. Doe't it wer feilich wie, mocht elkien werom nei de keamer.