Provinsje wol Frysk Filmfûns oprjochtsje

Tusken no en 2020 moat yn alle gefallen ien grutte ynternasjonale film of searje opnaam wurde yn Fryslân. Dy ambysje hat de provinsje tiisdei útsprutsen yn de nije beliedsbrief kultuer. Om dat foar elkoar te krijen wol de provinsje in Frysk Filmfûns oprjochtsje. Dy moat produksjemaatskippijen út Hollywood mei in liening oerhelje om nei Fryslân te kommen. Boppedat soe it de filmmaatskippijen sa maklik mooglik makke wurde moatte om yn Fryslân te filmjen.
De ynternasjonale film of searje soe der foar soargje moatte dat Fryslân ynternasjonaal op de kaart komt. Grut foarbyld is de telefyzjesearje Game of Thrones dy't yn Dubrovnik opnaam wurdt. Dat lûkt in soad ekstra toeristen nei dy stêd.