Iepenbier Ministearje ferfolget Jitse Akse net

Jitse Akse © Facebook, Jitse Akse
It Iepenbier Ministearje sil de Ljouwerter âld-militêr Jitse Akse net ferfolgje. Akse waard yn jannewaris fan dit jier oanhâlden waard op fertinking fan it deadzjen fan IS-striders. In arrestaasjeteam hat de Ljouwerter doe mei lutsen wapens út in wenning yn Arnhem helle. Ek krige hy dêrby in pûde oer de holle hinne. Flak dêrnei is er wer frijlitten.
It Iepenbier Ministearje konkludearret no dat der net genôch bewiis is om Akse te ferfolgjen foar it deadzjen fan IS-striders.
Boppedat hat de Ljouwerter sels ferklearre dat syn ferhalen yn de media "niet meer waren dan een spannend verhaal", skriuwt it Iepenbier Ministearje yn in ferklearring.
De arrestaasje fan Akse rôp in soad reaksjes op. Mear as 66.000 minsken tekenen in petysje, wêryn't de stipe foar Jitse Akse útsprutsen wurdt. Dy hat it ôfrûne healjier ûnderdûkt sitten om't er benaud wie foar wraakaksjes fan IS.