Harkyt bestraft yn útkearingsfraudesaak

21 jun 2016 - 17:03

In 61-jierrige man fan De Harkema moat twahûndert oeren oan it wurk om't de rjochter fynt dat er fraudearre hat mei de útkearing. Hy holp tusken 2011 en 2014 al wiken hast tritich oeren mei
yn it kafee fan syn freondinne, mar joech dit frijwilligerswurk net troch oan de sosjale tsjinst. Sels sei dat man dat er net wist dat dit moast, mar de rjochter leaude dit net. Ek om't de Harkyt yllegaal wurke by in skildersbedriuw.

De rjochtbank rûst dat de man mei elkoar 62.000 euro oan útkearings ûnterjochte krigen hat fan de gemeente.

De man is al begûn mei it werombeteljen fan dat jild. De freondinne (56) fan de Harkyt wie earst ek fertochte yn de fraudesaak, mar de rjochter tinkt net dat se hjirfan op de hichte wie en spruts har frij.

Trefwurden: 
rjochtbank fraude De Harkema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)