Koga ferwachtet mear Olympyske medaljes mei nije fytsframes

Fytsfabrikant Koga fan It Hearrenfean tinkt dat it tal hurdfytsmedaljes op de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro ferdûbele wurde kin. Dy ferwachting sprutsen se tiisdei út by de presintaasje fan twa ferbettere modellen foar de sprint en de achterfolging. De ferbettere fytsen ha in frame dat aerodynamysker, lichter en stiver is.
Nederlân wûn op de Olympyske Spelen yn Londen trije medaljes, yn Rio hopet it Koga-team op seis. Al hinget dat net allinnich fan it materiaal ôf. Se ha ek bot betrouwen yn de hurdfytsers, lykas de Fries Wim Stroetinga.