Minister Kamp iepenet grut wynmûnepark yn de Iselmar

21 jun 2016 - 16:34
  • De iepening mei minister Kamp

Ien fan de grutste wynmûneparken fan Nederlân is tiisdei oplevere yn de Iselmar. De 48 wynmûnen fan Westermeerwind kinne griene enerzjy opwekke foar 160.000 húshâldings.It is it begjin foar in megawynmûnepark by Makkum yn 2020. Dêr moatte nochris twa kear safolle wynmûnen komme.

Seis mûnen lizze op Frysk grûngebiet, de rest is it nije útsicht foar de ynwenners fan Urk. It regear wol mear griene enerzjy. Dit park is in stap dy kant út. De wynmûnen kinne noch net sûnder subsydzje. Troch nije technology wurde de mûnen hieltyd effisjinter.

De opbringst fan dit park wurdt foaral brûkt om in tredde fan de treinen fan NS ride te litten. In jier hawwe se dwaande west om it nije wynpark Westermeerwind del te setten. It koste 31.000 ton materiaal, 65 skippen en hast in miljoen manoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)