Beslút oer plak fan azc yn Opsterlân falt nei de simmer

21 jun 2016 - 15:58

It kolleezje fan Opsterlân en it COA nimme nei de simmer in beslút oer in asylsikerssintrum yn de gemeente. De ried hie it fersyk dellein om it oer de simmerfakânsje hinne te tillen en dêr hat it kolleezje mei ynstimd. Ek it COA is it dêrmei iens.

Se hawwe mear tiid nedich foar in skou fan mooglike gebouwen yn Opsterlân. Der komme 300 flechtlingen yn it takomstige azc. Opsterlân wachtet no oant it COA klear is en syn winsken by de gemeente delleit.

It is in lytsere fariant fan it azc, om't Opsterlân earder al oanjûn hat dat 600 flechtlingen te folle is foar de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)