Mearderheid Keamer tsjin proefboarrings by Skiermûntseach

De moasje fan PvdA en GrienLinks om de proefboarrings by Skiermûntseach tsjin te hâlden, is tiisdeitemiddei mei in grutte mearderheid oannaam. Dêrmei jout de Twadde Keamer in sinjaal oan minister Henk Kamp om de boarrings yn it beskerme Natura-2000 gebiet net samar ta te stean.
De minister hat earder al sein dat er de moasje ôfriedt, om't in proefboarring neffens him hiel wat oars is as gaswinning sels. Mocht de proefboarring in sukses wurde, moat der op 'e nij in fergunning oanfrege wurde foar de winning sels, sei Kamp.
Oanpassing mynbouwet
Wat de minister mei de oannommen moasje docht, is noch net dúdlik. Wol hawwe de yntsjinners fan de moasje fuort nei de stimming in fersyk yntsjinne oan it kabinet om oanpassing fan de mynbouwet. Dizze wurdt takom wike behannele yn de Twadde Keamer.
Kamp makke in pear wiken lyn bekend dat it bedriuw Engie tastimming krijt foar twa proefboarrings yn de Noardsee by Skier. Dizze soenen goed fiif kilometer út de kust plakfine. Mar de politike partijen fine it risiko foar it Waadgebiet te grut. Ek op it eilân is in soad ferset tsjin de plannen fan Kamp.