Plysje ûndersiket mishannelings fan Feanwâldster famke (15)

21 jun 2016 - 15:40

De plysje ûndersiket in searje mishannelings fan in 15-jierrich famke út Feanwâlden. It famke is sûnt desimber ferline jier al meardere kearen mishannele, hieltyd troch deselde jonge. Ofrûne freed is it famke yn har eigen tún oanfallen. Se rekke derby ferwûne oan in each.

De reden fan de mishannelings is net bekend, mar mooglik wol de jonge har ôfparsje. De plysje hat earder dit jier in fertochte oanhâlden, mar it die bliken dat dy neat mei de mishannelings te krijen hie.

De fertochte is in jonge fan 1.70 meter, ljocht hier en in rinkje yn it rjochterear. Tsjûgen kinne har melde by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)