Direkteur Ben Gerrits fan Caparis nimt ôfstân en sit thús

De problemen by sosjale wurkfoarsjenning Caparis wurde hieltyd grutter no't algemien direkteur Ben Gerrits thússit. De direkteur seit dat hy in skoft fysike ôfstân nimt fan it bedriuw. Gerrits leit yn konflikt mei it managementteam en de ûndernimmingsried.
De ûr hat in tal wiken lyn it fertrouwen opsein yn him en de ried fan kommissarissen. It MT hat yn in brief oanjûn dat se grutte soargen ha oer it feit oft Gerrits en de rfk wol yn steat binne it herstrukturearringsproses dêr't it bedriuw yn sit te lieden.
Gerrits hat oanjûn allinnich yn tige dringende gefallen fia de mail berikber te wêzen.
Noch mear soargen
De ûndernimmingsried hat lykwols noch mear soargen, om't Gerrits oanjûn hat inkelde fan syn taken en foech oer te jaan oan de ried fan kommissarissen. En dat is yn tsjinspraak mei de regels, seit de ûr. Dy is dêr boppedat ek op tsjin, om't it gjin fertrouwen hat yn de rfk. De ûndernimmingsried ferwachtet dan ek binnen twa dagen in reaksje fan de ried fan kommissarissen.
Acht Fryske gemeenten binne oandielhâlder by Caparis. Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert seit dat de oandielhâlders op koarte termyn by mekoar komme om de ûntstiene sitewaasje te bepraten. "Op basis van de statuten is de Raad van Commissarissen nu 'in the lead' en zal die een vergadering beleggen met als onderwerp het 'invullen van de interimperiode'", seit Feitsma.