Melkfeehâlders roppe op om boykot tsjin Ruslân op te heffen

21 jun 2016 - 15:31
  • Greidbuorkerij

De Nederlânske melkfeehâlders pleitsje foar opheffing fan de boykot tsjin Ruslân. Dat soe helpe tsjin de lege molkpriis, dy't foar hieltyd gruttere problemen foar de melkfeehâlders soarget. Dêrneist soe de Europeeske ynvestearringsbank de boeren mei krediten stypje moatte.

Dat docht bliken út de ynternasjonale molkpriisfergeliking fan LTO Nederlân. Neffens LTO ha hieltyd mear bedriuwen it finansjeel dreech. Bedriuwsoernames en ynvestearrings wurde útsteld troch de ûnwisse tiden wêryn't de boeren ûnder de kostpriis produsearje.

Frijwillich de produksje minderje is neffens LTO gjin oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)