Ljouwert krijt fêstiging fan KFC

© ANP
Yn Ljouwert komt in fêstiging fan it Amerikaanske bedriuw Kentucky Fried Chicken. Begjin takom jier wurdt de fêstiging iepene op winkelpark De Centrale. It giet om de earste KFC fan Fryslân.
Leafhawwers fan frituerde hin yn amers kinne oant dy tiid yn Grins telâne, dêr't de fastfoodketen al jierren in fêstiging hat.
De fêstiging yn Ljouwert krijt plak foar goed 120 gasten. Bûten komt ek in Drive Thru. De KFC ferwachtet dat it restaurant sa'n hûndert nije banen opsmite kin. Foar it finen fan personiel wurket de KFC gear mei it UWV.