Ried en kolleezje Opsterlân krijt nije gedrachskoade

21 jun 2016 - 15:17

Riedsleden en leden fan it kolleezje fan de gemeente Opsterlân krije in nije gedrachskoade. Sa moat belangeferfrisseling en in ferkearde omgong mei ynformaasje en geskinken foarkommen wurde.

Opsterlân kaam yn it nijs doe't oan it ljocht kaam dat riedslid Sikke Marinus fan Opsterlands Belang syn frou har bedriuw holpen hie by it krijen fan in gemeentlike klus. Dy saak soarge foar in politike krisis. De ried praat op 4 july oer de aktualisearring fan de gedrachskoades.

De gedrachskoade is oanpast oan de hjoeddeistige easken fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten. Boppedat binne der tal fan oanfollings bykaam dy't ûndersyksburo Berenschot dien hat, nei oanlieding fan de saak mei Marinus.

Integriteit

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol boppedat in Platform Monitoring Integriteit oprjochtsje. Dat is in platfoarm wêryn't meiwurkers út alle ôfdielings fan de gemeente sitte. Se sille minimaal twa kear yn it jier gearkomme oer saken dy't mei yntegriteit te krijen hawwe. It doel dêrfan is dat der faker oer praat wurdt en it sa hieltyd omtinken krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)