Underwetterdrone ûntwikkele troch Wetterskip en Van Hall

21 jun 2016 - 14:31

Wetterskip Fryslân en Van Hall Larenstein ûndersykje de mooglikheden om ûnderwetterdrones yn te setten. Mei de drones, dy't der útsjogge as in ûnderseeboat, wol it wetterskip de wrâld ûnder wetter yn kaart bringe. It giet dan bygelyks om de wetterkwaliteit en de tastân fan de wetterkearing.

De drones hawwe sensoaren en 3D-kamera's om alles goed yn byld te bringen. Op 11 july presintearje de hegeskoalle en it wetterskip it projekt en jouwe se in demonstraasje fan de ûnderwetterdrone.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)