Swimbad Sint-Anne bliuwt noch moannen ticht

It swimbad De Bildtse Slag yn Sint-Anne sil noch moannen ticht bliuwe. Dat seit direkteur Jelte Dijkstra fan it sportkompleks. Der is noch hieltyd ynstoartingsgefaar yn en rûn it swimbad. Fysioterapy Impuls moast dêrom harren saak tiisdei ûntromje.
Moandeitemiddei drige in part fan it dak fan it swimbad nei ûnderen te kommen. Op dat stuit wienen trije minsken oan it swimmen. Nei it ûntromjen fan it gebou seage de brânwacht in gat yn it dak sadat it wetter fuortkomme koe.
Krisis-team
In spesjaal krisis-team is tiisdei oan de gong om alle telefoantsjes te beäntwurdzjen. In soad minsken belje nei it swimbad om't se wite wolle hoe't de flagge derby hinget. Swimlessen foar bern sille sa folle mooglik yn swimbaden yn 'e buert jûn wurde. Brûkers fan de sporthal kinne wol gewoan terjochte yn it gebou. It restaurant fan De Bildtse Slag is net tagonklik.
Fersekerder
De gemeente It Bilt hat it sportkompleks net yn eigen behear om't De Bildtse Slag in stifting is. De neisleep fan it ynsidint wurdt lykwols troch de gemeente folge. De fersekerder fan it sportkompleks sil tiisdei noch delkomme om de skea yn kaart te bringen.