Mini-Missferkiezing: Se moatte it meidwaan sels leuk fine

21 jun 2016 - 13:29
  • Twa mini-missen by in wedstriid
  • In Mini-Miss

Der is diskusje oer Miss- en Beautyferkiezingen foar lytse bern. Yn België wurde Mini-Missferkiezingen net langer tastien en ek yn Nederlân gean stimmen op om it te ferbieden, want it soe berne-arbeid wêze.

De 26-jierrige Tessa Pander fan De Harkema organisearret dit jier foar de fiifde kear de Beauty Princessferkiezing foar ferskillende leeftiden en dus ek foar bern. Neffens har hawwe de ferkiezingen te leien fan in negatyf imago. Se ferwachtet dat de ferkiezing gewoan trochgean kin.

Gjin twang fan âlden

It byld fan lytse famkes dy't mei make-up yn bikiny ynstudearre paskes dogge, sa't dat yn Amearika dien wurdt, heart net by Mini Beauty Princess. De famkes wurde net opmakke en it giet der net om hoe moai't se binne. Se ferwachtet net dat de ferkiezingen yn oktober yn Tolbert gefaar rinne. Dielnimmers wurde yn it foar screend om foar te kommen dat se dwaan moatte fan de âlden. 'Se moatte it sels leuk fine en dêr lette we op', seit Pander.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)