Ien ferwûne by auto-ûngelok Werpsterhoeke

Ien bestjoerder rekke ferwûne by it ûngelok © Kappers Media
By in ûngelok op de Werpsterhoeke by Ljouwert is tiisdeitemoarn in bestjoerder ferwûne rekke. Twa auto's botsten tsjin mekoar op de ôfrit fan de N32 nei Ljouwert-Súd. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.
De twa auto's binne fuortsleept. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.