Fryske frachtwein weisakke yn sinkhoale Den Haag

In Fryske frachtwein is foar in stik yn in sinkhoale weisakke © GinoPress
In Fryske frachtwein is tiisdeitemoarn foar in stik yn in sinkhoale weisakke. Dat barde yn Den Haag. De frachtwein, fan it Snitser bedriuw Hoekstra, stiet oant syn as yn it gat en kin der net mear selsstannich útkomme.
De sjauffeur mankearret neat. It sinkhoale is nei alle gedachten ûntstien troch de swiere rein fan moandei.