FNV: Slûzen Koarnwertersân moatte breder

21 jun 2016 - 10:38
  • It slûzekompleks by Koarnwertersân
  • De Lorentzslûs

De slûzen fan Koarnwertersân moatte breder. Dat sil de FNV yn de Twadde Keamer bepleitsje. Neffens de fakorganisaasje soe de ferbreding fan de slûs oant 2.600 strukturele banen opleverje. Ferbreding smyt foaral wurkgelegenheid op by skipswerven, dêr kinne dan gruttere jachten boud wurde. Ferbreding soe in tal bedriuwen en fakopliedingen yn Fryslân rêde, sa stelt de FNV.

Fierder soargje steuringen yn de smelle slûs geregeld foar ferkearsopstoppings op de Ofslútdyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)