Jubileum Radio Froskepôle: 2000ste útstjoering

Radio Froskepôle hat tiisdei de 2000ste útstjoering. Om dit jubileum te fieren is der in spesjale en ekstra lange útstjoering op radio en telefyzje fan it streektaalmuzykprogramma. Fan 18.00 oant 20.00 oere ûntfangt presintator Gurbe Douwstra ferskate artysten en fans fan de earste oere.
Radio Froskepôle sette yn 1999 útein as wykliks streektaalprogramma. Sûnt 2011 is it programma alle wurkdagen te hearren fan 18.00 oant 19.00 oere. Yn dy jierren is wol wat feroare. “Yn it begjin wie it mear in programma oer muzyk út Fryslân en net allinnich mar streektaal. Omdat de net-Fryske muzyk fan Fryske artysten wol genôch draaid waard bin ik op in bepaald momint úteinset mei it draaien fan allinnich mar streektaal en dan mear as allinnich út eigen provinsje”, sa seit Gurbe.
It jubileumprogramma begjint mei moarnsiten yn kafee Marktzicht (Drachten) dêr’t it idee foar it programma yndertiid ûntstien is. Dat alles is live te folgjen op Omrop Fryslân Radio. Dêr sil ek de earste Froskepôleplaat fan dy dei oankundige wurde. Dêrnei wurdt der alle oeren in Froskepôleplaat draaid dy’t keazen is troch presintator Gurbe Douwstra sels. Oan alle platen sit in spesjaal ferhaal fêst.
Foar de spesjale útstjoering fan Radio Froskepôle binne fans fan de earste oere oanwêzich om it jubileum mei te fieren. Gurbe Douwstra ûntfangt trije muzikale trio’s: Otto Groote Ensemble út Dútslân, Harry Niehof trio út Grins en Piter Wilkens mei Libbene Stiennen út Fryslân.
Fan 18.00 oant 20.00 oere te folgjen op Omrop Fryslân Radio, Telefyzje, omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mear ynformaasje oer Radio Froskepôle en de útstjoeringen binne te finen op: omropfryslan.nl/froskepole.