UPDATE: Plysje ûndersiket sjitynsidint yn Koatstertille

21 jun 2016 - 06:28
  • De plysje ûndersiket in sjitynsidint op de Menno van Coehoornstrjitte yn Koatstertille
  • Der is sketten en in auto is tsjin in wenning oantreaun
  • De auto fan de fertochte(n) waard letter werom fûn op de Willem Lodewijkstrjitte

De plysje hat in 34-jierrige man út Ljouwert oanhâlden foar bedriging. De man wurdt fertocht fan in ynsidint op de Menno van Coehoornstrjitte yn Koatstertille moandeitejûn. Dêrby is sketten en is in auto tsjin in wenning oantreaun.

It begûn doe't de Ljouwerter yn in Mercedes de strjitte yn ried. Hy skeat meardere kearen mei in alarmpistoal, dus sûnder kûgels en drukte mei syn auto in Volkswagen Golf tsjin it hûs fan syn slachtoffer. Dy rekke net ferwûne. De fertochte naaide dernei út. Syn auto is letter fûn op de Willem Lodewijkstrjitte.

Ut plysje-ûndersyk hat bliken dien dat twa manlju in wenning oan de Menno van Coehoornstrjitte binnendrongen wienen. It die bliken dat se yn de ferkearde wenning wienen. Bûtendoar seagen se wol de auto stean fan de man dy't se sochten. Dêr binne se in tal kearen mei har eigen auto tsjinoan riden. De eigener kaam doe nei bûten en besocht de bestjoerder út de wein te lûken. De oar hat doe wer mei it alarmpistoal sketten. It ûndersyk nei de oare fertochte rint noch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)