Fontein fan Harns wurdt makke troch Allora en Calzadilla

20 jun 2016 - 21:49
  • In skulptuer fan Jennifer Allora en Guillermo Calzadilla
  • De keunstners Guillermo Calzadilla en Jennifer Allora

It Amerikaansk-Kubaanske keunstnersechtpear Jennifer Allora en Guillermo Calzadilla sil de fontein fan Harns ûntwerpe yn it 11-Fountainsprojekt. Se ferfange de oarspronklike ûntwerper Yinka Shonibare. Dy luts har werom om't se troch in slimme lichaamlike hendikep fûn dat se it projekt net oankoe.

It nije duo stelt faak grutte maatskiplike fraachstikken, lykas it miljeu, nasjonale identiteit en oarloch, sintraal yn harren keunst.

Se hawwe ek al op ferskate ynternasjonale tentoanstellingen stien, wêrûnder Sao Paulo en New York. Allora en Calzadilla komme op 28 juny nei Harns om te sjen op hokker plak de fontein komme moat.

It 11-Fountains projekt falt ûnder Ljouwert Kulturele Haadstêd. Alle alve stêden krije in fontein oanbean, makke troch in (ynter)nasjonale keunstner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)