Hege opkomst op moeting mei flechtlingen yn Ljouwert

Frijwilligers út Ljouwert wolle faker in gearsit hâlde mei flechtlingen en ynwenners fan de stêd. Moandeitejûn wie de earste gearkomste yn Kafee Neushoorn. It waard organisearre yn it ramt fan de ynternasjonale wrâldflechtlingedei.
Der kamen goed 150 minsken nei Neushoorn. Sy gongen yn lytse groepen yn petear mei flechtlingen. Der wienen oersetters oanwêzich om te helpen mei de taal. De measte fragen gongen oer de reis nei Ljouwert ta en hoe't de flechtlingen hjir libje.
Boargemaster Ferd Crone wie oanwêzich om mei te praten oer de fraach wat de stêd Ljouwert dwaan kin om de situaasje fan flechtlingen te ferbetterjen. Yn it kafee wienen dêrneist twa fototentoanstellingen fan flechtlingen en in koarte dokumintêre te sjen.