Tsjûgen socht fan ynbraak en stellerij muntesamling

20 jun 2016 - 21:08

De plysje siket tsjûgen fan in ynbraak yn in berging oan de Archipelwei yn Ljouwert. Hjirby waard in grutte muntesamling stellen. De ynbraak wie tusken freedtemoarn en sneontemoarn. Yn de berging stie in argyfkast, dy't iepenbrutsen is. Dêr leine de munten yn.

It giet ûnder oare om gouden tientsjes en seis kilo oan brûnzen munten. Der is ek noch in grut jildbedrach stellen. De muntesamling komt út de neilittenskip fan ien fan de âlders fan de eigener en hat sadwaande grutte emosjonele wearde, seit de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)