FUMO kin net alle kontrôles dwaan troch jildkrapte

De FUMO, de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing, hat in te krap budzjet. Dêrtroch kin it net alle kontrôles útfiere dy't it wol. De FUMO is út namme fan de provinsje Fryslân en de 24 gemeenten ferantwurdlik foar it tafersjoch yn de tsien meast risikofolle bedriuwen yn ús provinsje. De Noardlike Rekkenkeamer hat no ûndersocht hoe't de FUMO funksjonearret.
Dat giet goed, mar der kin wol wat ferbettere wurde. Njonken mear budzjet giet it dan benammen om de gearwurking mei Grinslân en Drinte.
Kommunikaasje kin better
De trije noardlike provinsjes hawwe ôfpraat it tafersjoch op de risikobedriuwen mei syn trijen te koördinearjen. Grinslân hat hjiryn de lieding, mar Fryslân en Drinte dogge de ynspeksjes wol sels. Mar de kommunikaasje hjiroer kin wol better. Ek wol Grinslân de útfieringstsjinsten fusearje litte, mar dit wolle Fryslân en Drinte net. Dochs advisearret de rekkenkeamer om de gearwurking wol út te breidzjen.
Mear belutsenheid
Dêrneist soenen Provinsjale Steaten mear belutsen wêze kinne by de kontrôles en resultaten fan de FUMO. No krije se allinnich in oersjoch, sûnder fierdere taljochting. Steateleden freegje dêr ek net nei en dat soenen se wol dwaan kinne, fine de ûndersikers.
It rapport is der kaam op fersyk fan de provinsjale steaten yn de trije noardlike provinsjes. It is de earste kear dat de rekkenkeamer sa'n fersyk krijt fan de trije noardlike provinsjes mei mekoar.
Heech risiko
De bedriuwen dy't de FUMO kontrolearret yn Fryslân, binne bedriuwen mei in heech risiko neffens de risikokaart, lykas BASF op It Hearrenfean, Nederlandse Gasunie yn Aldeboarn en Van Gansewinkel yn Drachten.