Stenden Hogeschool krijt ynternasjonale pabo-oplieding

20 jun 2016 - 19:41

In wrâldprimeur foar de Stenden Hogeschool. It ynstitút hat de earste ynternasjonale oplieding ta learaar basisûnderwiis. Ferskate organisaasjes ha de oplieding no offisjeel erkend. De pabo-ôfdieling sit yn Meppel en lûkt studinten út de hiele wrâld. It is in gearwurking tusken Stenden en universiteiten yn Noarwegen en Denemarken.

De oplieding is foaral rjochte op ynternasjonale skoallen, mar de studinten kinne nei har oplieding ek te plak op meartalige skoallen of skoallen mei bern fan ferskillende kultueren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)