Botte Jellema krijt soad reaksjes op artikel yn Volkskrant

Sjoernalist en radiomakker Botte Jellema hat in soad reaksjes krigen nei oanlieding fan syn ferhaal ôfrûne sneon yn de Volkskrant. Yn it artikel lit er him út oer de berjochtjouwing oer de oanslach op in homoklup yn Orlando, Amearika. By dy oanslach kamen 49 minsken om it libben.
Neffens Jellema is der in grut ferskil yn de berjochtjouwing yn fergeliking mei de eardere oanslach op it tydskrift Charlie Hebdo. Doe stie hiel Nederlân op 'e kop. No wiene der mar in pear hûndert minsken by de nasjonale betinking.
Jellema is sels homoseksueel en steurt him oan it feit dat Nederlân him hieltyd minder tolerant opstelt tsjinoer de LHBT-mienskip.