Dokkumer bedriuw mei grut sinnepark oanlizze yn Veendam

© ANP
It Dokkumer bedriuw Power Field kin los mei de ûntwikkeling fan in grut sinnepark yn Veendam. It hat subsydzje fan it Ryk krigen en hat alle fergunningen ek yn oarder. Yn it sinnepark komme 54.000 sinnepanielen te stean, wat stroom opsmyt foar tûzenen húshâldens.
Power Field tinkt dat it dit jier al begjinne kin mei de oanlis. It bedriuw ûntwikkelet grutskalige sinneparken yn Nederlân en ek yn it bûtenlân.