FIDEO: Oerol moat ferjongje en sykje nei nije lokaasje

It Oerol Festival op Skylge is wer foarby, op nei takom jier. Foar de edysje fan 2017 moat de organisaasje wurkje oan ferjonging. Dat is ien fan de betingsten fan it Ryk, dat it festival de kommende fjouwer wer subsydzje jout. De measte besikers op Oerol binne boppe de 40 jier.
Ek moat der socht wurde nei in nije lokaasje, want de Westerkeyn by Midslân wie dit jier foar it lêst yn gebrûk as festivalterrein. De eigener fan it stik lân hat der oare plannen mei, der sil nei alle gedachten op boud wurde.