Definsje makket plan foar berging delstoarte F-5

20 jun 2016 - 14:26

Definsje en de gemeente Menameradiel treffe tiisdei de earste tariedingen foar de berging fan de F-5 fan de Switserske groep Patroille Suisse dy't oan de Bodde by Bitgum delstoarte. In bergingsoffisier hat freed op it plak west dêr't in fleantúch in dei foar de iepen dagen fan de loftmacht delkaam en hat in bergingsplan makke.

It is in earste opset, Menameradiel sil hjir noch oer yn petear. Definsje en gemeente ferwachtsje dat it wurk sa'n seis wiken duorje sil, mar dat is ûnder oare ôfhinklik fan it waar en de technyske omstannichheden.

Tiisdei wurdt in begjin makke mei de oanfier fan sân, dêr't in paad mei oanlein wurdt nei it plak dêr't it tastel leit. Dat paad rint by it bedriuw Vink Sion del. Fan de Sânwei ôf wurdt in tydlike daam oanlein. Dizze wurdt befeilige troch definsje. De firma Leemans út Vriezeveen, dy't it wurk útfiert, docht dêrneist miljeu- en boaiemûndersyk. As dat klear is, wurdt it tastel burgen. De F-5 wurdt dan nei Woensdrecht brocht foar ûndersyk. Dêrnei wurdt ek it terrein sanearre en hersteld.

Omwenners wurde mei in brief op de hichte brocht fan de wurksumheden. It fleantúch kaam del yn in fiver tusken de kassen. De piloat sprong mei de sjitstoel út syn tastel en rekke licht ferwûne. It team luts him nei it ûngelok werom fan de iepen dagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)