"Finansiering fan oanpak betize minsken moat regele wurde"

Der moat in persoanlike oanpak komme fan alle betize persoanen dy't yn ús lân omstappe. Dat fine de ministers Van der Steur en Schippers en de Vereniging Nederlandse Gemeenten. Boppedat wolle se dat alle gemeenten dêr fan 't simmer al in plan foar klear ha. In saneamd 'aanjaagteam', dêr't ek GGZ-Nederlân diel fan útmakket, is al mei it foarwurk oan 'e gong.
"Der moat gau wat barre"
Udo D., Bart van U. en dit wykein wer in betize man dy't by Zelhem in deadlik auto-ûngelok feroarsake, it binne tragyske foarbylden fan dat it no noch faak misgiet en dat der gau wat barre moat. Yn Fryslân binne de gemeenten dêr ek al drok mei dwaande en boargemaster Crone fan Ljouwert ropt no ek de minister op om dúdlikheid te jaan oer de finansiering dy't hjir by heart.