Keamer beslút yn septimber oer smertejild

De Twadde Keamer nimt yn septimber in beslút oer it al dan net takennen fan smertejild oan neibesteanden dy't ien kwytrekke binne troch de skuld fan in oar. Der wurdt al sûnt 2004 oer praat. Yn 2010 is in foarstel noch fuortstimd troch de polityk. In kommisje hat der no op 'e nij oer gear west en komt mei fiergeande foarstellen foar in regeling. De fergoedingen kinne oprinne fan 12.500 oant 20.000 euro. De bedragen stean fêst om drege diskusjes foar te kommen.
Nederlân rint achter
Neffens advokaat Nanne Greven fan Keuning Letselschade-advocaten rint Nederlân achter by oare lannen, dy't al wol sa'n regeling ha.