Jannick de Jong begjint aardich oan WK gersbaanracen

Jannick de Jong © Bert Swarts
Jannick de Jong fan De Gordyk is aardich begûn oan it WK gersbaanracen yn it Dútske Mühldorf. Snein stie de earste fan fiif wedstriden op it programma en dêryn einige De Jong as tredde. De race waard wûn troch Erik Riss út Dútslân. It twadde plak wie foar Martin Smolinski, dy't ek út Dútslân komt. Theo Pijper fan Rinsumageast waard achtste.
It WK-programma giet op 21 augustus fierder yn Nederlân. De lêste race wurdt op 17 septimber riden. Jannick de Jong is de regearjend wrâldkampioen gersbaanracen.
It fierdere WK-programma:
Finale 2: 21 augustus, Eenrum, Nederlân
Finale 3: 27 augustus, Forssa, Finlân
Finale 4: 03 septimber, Morizes, Frankryk
Finale 5: 17 septimber, Vechta, Dútslân