Kollum: "Slow down beppe"

20 jun 2016 - 08:51

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Ha jo tafallich juster de reportaazje fan kollega Annagreet Miedema heard yn Buro de Vries? Annagreet joech ús letterlik in ‘kijkje’ yn har holle. In pear jier lyn hie se it sa smoar drok dat se in burn-out krige. En se is net de iennige. Hieltyd mear jonge minsken krije in burn-out. Eksakte sifers binne der lykwols net fan, want in burn-out is gjin offisjele diagnoaze.

Ik wie djip ûnder de yndruk fan har reportaazje. Tagelyk skrok ik der fan hoe grut de ynfloed fan in burn-out wêze kin. Wurdst letterlik sloopt fan binnen, wylst fan bûten neat sjochst. En dus is it foar minsken om dy hinne net te begripen. ‘Elkenien hat it dochs wolris drok, dus net oanstelle’, is faak de reaksje. Gewoan efkes in jûntsje betiid op bêd en moarn bist der wol wer. Mar sa wurket it dus net.

No krige de reportaazje fan Annagreet de namme Jong opgebrand. Mar it hie like goed Oud opgebrand wêze kinnen. Ik ken nammentlik minsken fan boppe de tachtich dy’t op harren toskfleis rinne omdat se de hiele dei hinne en wer fleane. Oppasse op de bernsbern, te kuierjen mei de buorfrou dy’t oars it hûs net mear útkomt en ûndertusken ha se it smoardrok mei hobby’s, sport en famyljebesiten.

Soest sizze: ast mei pensjoen bist hast gjin stress mear fan al dy deadlines, lilke bazen of seurderige kollega’s. Mar dochs rinne ek ús âlderen op ‘e teannen om mar te foldwaan oan wat elkenien fan se ferwachtet. Moerbei sykje op moandeis foar de selsmakke jam, tennisje op tiisdeis, wokke mei de plattelânsfroulju op woansdei, trui breidzje foar Roemenië op tongersdeis en frijwilligerswurk op freed. Ik hear it Douwe Bob al sjongen takom jier by it Eurovisie Songfestival: Slow down beppe.

En wa’t tinkt dat bern it noch lekker rêstich ha? Forget it. Alles watst op skoalle dochst, wurdt hjoed-de-dei byholden mei sifers, administraasje en toetsen. Hiest eartiids mei it swit yn ‘e hannen yn groep acht foar dy ferskriklike Cito-toets. Tsjintwurdich binne der sels kleuter-Citotoetsen. Thús moat der oefene wurde mei tellen, de wurdskat en de motoryk. Ik hearde lêst in jonkje fan fjouwer letterlik tsjin syn freontsje sizzen: “Ik kin hjoed net mei dy boartsje, want ik ha húswurk”. Fjouwer jier. Om de wurden fan Bennie Jolink mar te brûken: Dat is toch niet normaal?

Yn de Achterhoek ha se it yntusken ek troch. Wy moatte kalmer oan dwaan. Dêrom wie der dit wykein yn Hummelo it Mañana Mañana Festival. It meast relaxte festival fan Nederlân. No leit de Achterhoek yn fergeliking mei Fryslân fansels in stik tichter by de evener, dêr’t minsken sawiesa wat kalmer oan dogge. Mar myn advys is om ek hjir yn Fryslân in fersnellinkje werom te skeakeljen. Dat is net allinnich sûner, mar boppe-al in stik geselliger.

Gewoan wer in beppe dy’t mei tee en Mariakaakjes op ‘e bank sit ast út skoalle komst. Gewoan wer fjouwer jierrige bern dy’t bûten knikkerje yn plak fan Cito-toetsen oefenje. En yn plak fan it hastige sprekwurd: ‘Stel niet uit tot morgen, wat je vandaag kunt doen’ woe'k tenei mar de folgjende tegeltsjespreuk oan de muorre hingje: 'Al dat rennen en dat hollen. Het kan mij de broek niet bollen.' Litte we der mei ús allen in relaxte moandei fan meitsje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)