Elektryske boaten wurde hieltyd populêrder

Der komme hieltyd mear elektryske boaten by yn Fryslân. Wiene der yn 2012 noch sa'n 650 boaten, no binne dat der al fier boppe de 1.600. Jierliks komme der tusken de 200 en 300 elektryske boaten by yn ús provinsje, seit foarsitter Haije Talsma fan de Stichting Elektrysk Farre Fryslân. De boaten wurde mei de jierren better en goedkeaper.
Op dit stuit wurket it bedriuw Vripack út Snits oan in elektryske sloep dy't al foar 12.000 euro oan te skaffen is. Mei in elektryske boat kin hjoed-de-dei wol sa'n acht oeren lang fard wurde.
Farrûtes Fryslân
Takom freed wurdt de elektryske farrûte Aldegea-Heech yn de gemeente Súdwest-Fryslân iepene. Dêrnjonken binne der ek plannen yn de Alde Feanen en natuergebiet It Bûtenfjild tusken Feanwâlden en Gytsjerk.