Drankrider sûnder jildich rydbewiis pakt yn Ljouwert
In 26-jierrige drankrider út de gemeente Ferwerderadiel is sneintenacht oanholden yn Ljouwert. De begjinnend bestjoerder waard om 1:20 oere hinne troch de plysje steande holden op it Saailân yn Ljouwert foar in blaastest. Ut dy test die bliken dat de man fierstente folle dronken hie. Hy waard meinaam nei it buro en dêr waard ûntdutsen dat er foarich jier ek al twa kear betrape wie mei te folle alkohol op efter it stjoer.
Njonken it drankgebrûk ried de man ek sûnder jildich rydbewiis. Hy moat ynkoarten foar de plysjerjochter ferskine.