Dokkumer ûndernimmers pleitsje foar 'gastfrij parkeare'

19 jun 2016 - 22:28

De gemeente Dongeradiel fiert in fierstente strang parkearbelied. Dat fynt de Dokkumer ûndernimmersferiening OVD. De ûndernimmers fine dat de gemeente no tefolle boetes útskriuwt, wêrtroch besikers fuortjage wurde yn plak fan oanmoedige om nei Dokkum te kommen.

Yn in brief oan de gemeente pleitet de OVD foar 'gastfrij parkearen', wêrby't net de boete, mar de besiker sintraal stiet. Bûtenlânske gasten soene net gelyk in boete krije moatte, mar nei alternative fergese parkearplakken krekt bûten it sintrum brocht wurde kinne.

De Dokkumer ûndernimmers hawwe de yndruk dat it de gemeente derom te dwaan is om safolle mooglik boetejild op te heljen. Sa soe it tal boetes yn Dokkum folle heger wêze as begrutte en ek heech wêze yn ferhâlding ta it tal betelle parkearplakken.

Iepenloftmuseum

De ûndernimmers pleitsje foar minder kontrôle op tiden dat it rêstich is yn de stêd en it beheinen fan de tiden wêrfoar betelle wurde moat. Minsken dy't nij binne yn Dokkum moatte gastfrij ûntfongen wurde en net fuortjage mei in boete fan 80 euro, skriuwe de ûndernimmers oan de gemeente. As de gemeente it strange parkearbelied net bystelt, dan binne alle ynvestearrings yn de Sintrale As weismiten jild, en wurdt it sintrum fan Dokkum in soarte fan iepenloftmuseum yn plak fan in libben keapsintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)