Partoer Ilse Tuinenga wint wer by de froulju

19 jun 2016 - 18:04
  • Dit partoer is dit seizoen - oant no ta - oppermachtich by de froulju

De fjirde frijeformaasjepartij keatsen fan de froulju waard ek de fjirde oerwinning foar it partoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Wiljo Sijbrandij. Yn Sint-Jabik wûnen sy yn de finale mei 5-3 en 6-4 fan Rianne Vellinga, Maaike Osinga, en Aukje van Kuiken. Op dy stân sloech Sjoukje Visser de bal boppe.

De tredde priis wie foar Nicole Hempenius, Simona Kootstra, en Marrit Zeinstra. Opslachster Ilse Tuinenga út Berltsum waard útroppen ta keninginne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)