59e oerwinning foar Van der Bos, Triemstra en Iseger

Iseger, Van der Bos en Triemstra: 59 kear súksesfol © Henk Bootsma
It trio Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra, en Daniël Iseger hellen snein yn SInt-Jabik har 59e frije formaasje oerwinning. Se bleane yn de finale mei 5-2 en 6-4 it partoer Johan van der Meulen, Hylke Bruinsma, en Hendrik Kootstra de baas. De ferliezende finalisten geane útinoar en hellen dit seizoen foar it earst de finale. Foar it trio Van der Bos wie it de tredde seizoensoerwinning.
Peter van Zuiden, Allard Hoekstra, en René Anema hellen de tredde priis. Sy ferlearen yn de heale finale mei 5-1 en 6-0 fan it partoer Van der Bos.
Gert-Anne van der Bos waard útroppen ta kening.